Túnseal

ôfhiere


Hast wat te fieren? Do wurdst 20, 30, of 100 of giest trouwen? Dan is de túnseal perfekt. De namme seit it al, want do hast beskikking oer in seal en in binnentún fan de âlde finzenis. Der is in bar yn ‘e seal en fansels servearje wy fanút de Proefverlof-keuken de lekkerste hapkes, lunch, barbekjû of buffetten. Nim kontakt op mei Hotze Bouma foar alle mooglikheden fia 058 200 30.