Rûnleiding

mei in âld-warder


As in echte ‘boef’ de finzenis yn. Lit dy rûnleide troch in âld-warder troch de Blokhuispoort. Learsum, leuk en spannend!

Gean werom yn ‘e tiid en sjoch hoe’t minsken eartiids opsletten sieten. Do wurdst rûnleid troch in âld-warder. Waan dy foar hiel efkes yn de hûd fan in krimineel en krij in goede yndruk hoe’t in boef syn dagen efter de traaljes slyt.

Sneons rûnleiding foar elkenien

Op sneon binne ús warders oanwêzich en kinst om 14:00 en 16:00 oere oanslute foar in rûnleiding ynklusyf kofje/tee en gebak (€10 p.p.). De rûnleiding begjint yn Proefverlof oan it twadde binnenplak. Meld dy fyftjin minuten fan te foaren sadast rêstich dyn kofje/tee en gebak nuttigje kinst! As der bysûndere eveneminten binne, kin it wêze dat de rûnleiding net trochgiet. Sjoch hjirfoar de webside fan de Blokhuispoort.

Rûnleiding foar groepen

Foar groepen fan fyftjin persoanen ôf kinne jo in rûnleiding troch de Blokhuispoort reservearje fan moandei o/m sneon. Foar €8,50 per persoan krije jo yn Proefverlof in bakje kofje/tee mei gebak, wernei’t de âld-warder jo ophelje sil. De warders hawwe allegear yn de Blokhuispoort wurke en nimme jo graach mei werom yn ‘e tiid.

In rûnleiding planne?
info@proefverlof.frl
058 30 200 30