Oer

ús


De measte minsken hawwe, gelokkich, noch nea yn in finzenis sitten, lit stean iten. Drink & Eetlokaal Proefverlof bringt dêr feroaring yn. Hjir kinst genietsje fan puer iten dat lokaal ynkocht wurdt op in oprjocht bysûnder plak, nammentlik de âlde finzenis fan Ljouwert ‘De Blokhuispoort’. Net allinnich de unike lokaasje, mar ek de bysûndere mooglikheden sa as sel-dinearje, oanskowe oan de inmate-tafel, boeid ite en it geweldige terras oan it wetter makket dat hjir oantinkens makke wurde dy’t net gau fergetten wurde.

Eigners Hotze Bouma, Johan de Jong en Willem Schaafsma binne dan ek grutsk op dizze nije hoareka-gelegenheid fan Ljouwert.

Sjefkok Willem Schaafsma, wy kinne hem fan restaurant Eindeloos, wol lokaal iten fan útsûnderlike kwaliteit foar in breder publyk beskikber meitsje. Dêrneist draagt hy syn filosofy, witte wat jo ite en wêr’t it wei komt, oer op in nije generaasje yn de keuken fan Proefverlof.

Inisjatyfnimmer Hotze Bouma is it oansprekpunt foar feesten, partijen en bysûndere eveneminten. Op dit momint is hy alwer dwaande mei in iisbaan yn ‘e Blokhuispoort tidens de krystmerk en hy is dwaande mei it bieden fan in poadium oan kongressen.

Johan de Jong makket it trio kompleet. Johan is ûndernimmer yn hert en nieren en hâldt de finansjele kant yn ‘e gaten. Dêrneist is hy in ynnovator en betinkt hy de meast ferskuorrende en ludike dingen troch syn eftergrûn yn ‘e hoareka yn û.o. Egypte.